DeBlokhúsPoarte


Wolkom by DeBlokhúsPoarte!

It Blokhûs yn Ljouwert waard yn 1499 stichte ûnder Albrecht fan Saksen, dy 't troch keizer Maximiliaan I oansteld wie as 'gubernor' fan Fryslân. Stichting Blokhuispoort bewarret en fertelt de lange en rûzige skiednis fan dit plak. 

It ferhaal is opdield yn fiif haadstikken:

Blokhuis

Blokhuis (1498 - 1661)

It blokhûs is yn 1499 boud as in soarte fan fort dêr 't de macht út útoefene wurde koe. Earst ûnder Saksysk en fan 1515 oant 1580 ûnder Habsburchsk/Spaansk bewâld. Yn 1580 slagge boargemaster Adje Lambertsz der mei in list yn it Blokhuis foar de stêd Ljouwert te feroverjen. 

Hûs fan Opsluting en Tuchtiging

Hûs fan Opsluting en Tuchtiging (1661 - 1874)

Oant likernôch 1600 wiene finzenisstraffen ûngebrûklik. Oare straffen kamen folle faker foar: deastraf, liifstraffen, ballingskip ensfh. Yn 1661 waard op dit plak de earste finzenis boud. Dy baarnde yn 1754 hast folslein ôf; seis finzenen stoaren. De finzenis waard sterker en feiliger wer opboud. Fan 1838 ôf sieten hjir allinne noch manlju, yn 1868 ûntsnapten der seis. Nei 't se pakt wiene en werom op wei nei de finzenis, ferdronk ien fan harren doe’t hy wer ûntkomme woe.

Bysûndere Straffinzenis

Bysûndere Straffinzenis (1874 - 1969)

De ûntsnapping fan 1868 wie ien fan de redenen foar nijbou. De bysûndere straffinzenis is boud tusken 1870 en 1877 en wie bedoeld foar finzenen mei in straf fan fiif jier oant libbenslang. Yn 1953 waard de bysûndere finzenis omboud ta in gewoane finzenis. De fasiliteit sleat yn 1970 en begûn wer as hûs fan bewar yn 1976. 

Hûs fan Bewar

Hûs fan Bewar (1891 - 2008)

De Kanselarij oan de Turfmerk die sûnt 1826 tsjinst as detinsjesintrum foar noch net feroardiele finzenen. Mar dêr wie it net mear geskikt foar. Dêrom waard oan de eastkant fan it blokhûsterrein in nij hûs fan bewar boud, dat yn 1891 yn gebrûk nommen waard. It wie bedoeld foar manlju en froulju dy 't fêst sieten yn ôfwachting fan harren rjochtsaak. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch hawwe de Dútske besetters hjir fersetsstriders finzen set. Op 8 desimber 1944 wist it ferset 51 fan harren op spektakulêre wize te befrijen. Der waard gjin skot lost en de Dútsers namen gjin represailles. 

Kultureel Sakensintrum

Kultureel Sakensintrum (sûnt 2008)

Sûnt de sluting fan de finzenis yn 2007 hat de Blokhúspoarte ferskate nije bestimmingen krigen. Nije startups hawwe der kantoaren en bedriuwen, muzykleafhawwers komme dêr foar konserten en de gastronomy biedt romte foar ûntspanning en gesellichheid. Dbieb biedt der neist boeken in ferskaat oan aktiviteiten.

Ta beslút:

Stichting Blokhuispoort fertelt it ferhaal fan de Blokhúspoarte. 

 

Blokhuispoort

Besykje fergees de fjouwer histoaryske sellen yn de H-fleugel.

  • Cel 001 - fotomuorre mei finzenen 
  • Cel 002 - sel foar twa persoanen 
  • Sel 003 – útstallingssel mei tiidline en miny-eksposysjes en fitrines 
  • Cel 005 - De oerfal op 8 desimber 1944

Rûnliedingen mei gidsen:

Elke woansdei -, tongersdei - en freedtemiddei binne der twa rûnliedingen. 

Priis de persoan: € 9,50. Bern oant 6 jier binne fergees; fan 7 o/m 14 jier € 5,00. 

Wy fersoargje ek wy lêzingen yn de provinsje Fryslân.